1977: It ûntstean fan in tradysje
IT ÛNSTEAN FAN IN TRADYSJE

Sûnt 1974 skriuwt de KNKB frouljuskeatswedstriden út. De bakermat fan it frouljuskeatsen lei yn de eardere gemeente Baarderadiel, en dan benammen yn Jorwert. Yn dy omjouwing ûntstie ek it idee om yn Weidum in bysûndere frouljuspartij te organisearjen: de Frouljus PC. It inisjatyf kaam fan Jan Suierveld, lid fan K.V. Nije Kriich.
De earste Frouljus PC waard hâlden op snein 14 augustus 1977. Der dienen tolve partueren mei, dy’t har frij opjaan koene. Der hearske in tige noflike sfear en it hiele doarp stie achter dizze partij. It publyk wie noch beheind en bestie benammen út leden fan de keatsferiening, famylje en freonen fan de keatssters. Piet Keizer wie skiedsrjochter en eigen leden fungearren as keurmasters.
De priisútrikking fûn plak yn it doarpshûs. De prizen bestienen út prachtige sulveren skakelarmbannen mei in sulveren keatsbaltsje, in medalje foar de earstepriiswinners en, spesjaal foar dizze gelegenheid, in troch Froukje Monsma-de Groot borduere skellenkoard. By de útrikking wie ek it vaandel fan K.V. Nije Kriich oanwêzich – in symboal fan grutskens en fan it begjin fan in tradysje dy’t letter djip woartele reitsje soe.
“Ik hie in dream,” sa fertelde Jan Suierveld by in lêzing foar de Freonen fan it Keatsmuseum.
“Ik seach foar my it keatsfjild fan Weidum, dêr yn de kom fan it doarp, mei de tsjerke op ’e eftergrûn. Ik seach froulju keatsen, mei de minsken der rigen dik omhinne. It wie de iere maaitiid fan 1977.”
De ‘bakermat’ fan it frouljuskeatsen lei yn de eardere gemeente Baarderadiel, en dan benammen yn Jorwert. It idee om yn Weidum in Frouljus-PC te organisearjen kaam fan Jan Suierveld, op dat stuit gewoan lid fan keatsferiening Nije Kriich út Weidum.Yn dy tiid wiene der yn Weidum in protte frouljuskeatssters aktyf. Ek wiene der al twa kear yn
KNKB-ferbân troch-elkoar-lote wedstriden foar froulju organisearre. By de keatssters libbe sterk de winsk om in frije-formaasje-wedstriid te hâlden. Dêrom gie Jan Suierveld nei it bestjoer fan Nije Kriich mei it idee om sa’n wedstriid foar froulju yn Weidum te organisearjen.
It soe de earste frije-formaasje-wedstriid foar froulju wurde. De wedstriid moast in klinkende namme krije, en Jan tocht fuort oan de namme Frouljus-PC, as tsjinhinger fan de PC foar manlju, dy’t alle jierren yn Frjentsjer holden wurdt.
It plan wie om in kommisje te foarmjen foar de organisaasje fan dizze wedstriid. Dêrby waard tocht oan de fjouwer PC-winners dy’t Weidum ryk wie: Folkert Hiddinga, Jan de Groot, Aebe Haima en Dirk Talsma. De mannen fielden lykwols neat foar in kommisje. Dêrom waard harren frege om in bydrage te leverjen foar it oanskaffen fan bysûndere prizen.
Benammen troch it ynbringen fan Jan de Groot kaam der by dy earste PC gjin keninginne. “Je winne it mei syn trijen,” wie syn stelling. Dat is yn it earste jier ek sa útfierd.

Recente berichten









